Fiif Doarpen partij
Der wie in ferskil tusken de tiden in it Jacob Klaverboekje en it boekje yn oare plakken en dus koene we pas om ien oere begjinne. Trije omlopen in elke poel moasten der keatst wurden en dat wie foar sommigen in aardich dreech karwei. In de B klasse wie der ien sterk partoer dat like alle partijen mei gemak winne te kinnen. Dit partoer fan Lyssa van der Ende, Marco Lobregt en Bregt Arends hie in de beide oare partijen de tsjinstanders mar ien buordsje gunt. En jo moatte hjir prate fan gunnen om’t it Bregt Arendz wie dy’t it skynber net oer hart hert krije koe dat har hei gjin punten krige en dus in wat minder earst opsloech. Mar in de “finale” wie it efkes oars. “Good Old” Albert Reistema makke it mei syn maten Nieke Wiedijk en Dayna de Boer it aardich dreech foar Lyssa en cs. Úteinlik moasten se belies jaan mar mei 6-4 en 6-4 hoege jo je net te skamjen. In de A klasse wie der fansels ek noch wat te melden. It is al moai dat je wer in A klasse op it fjild ha mar dat je dan ek in moaie miks sjogge fan jongeren en âlderen is al hielendal leuk. Mar it wie de âlde garde dy’t in spesjale reden hie om hjir op it fjild te stean. Opskerpje, dat wie de driuwfear. Ek hjir wurde der in poeltsje keatst. De A-klasse koe gâns hurder dan de B-klasse en se wiene moai op tiid út. De “opskerpers” en harren maten gongen hjir mei de prizen nei hús. Nûmer twa, Jehannes de Jong en Jelmer van der Valk, moasten it in de earste partij al ôflizze tsjinoer de úteinlike winners Jan Geert Nutma en Pieter Klaversma.
Geplaatst op 03 June 2013